Aggie oer Aggie

Noch krekt foar it jier 2000 bin ik útein set mei skriuwen en dat net iens sûnder súkses.
Earder wie it nocht der wol, mar ûntbriek de tiid. Wy hienen in drokke húshâlding, in eigen bedriuw en dêroerhinne wie ik ek noch maatskiplik aktyf.
Fan de dei ôf dat der hjir en dêr wat romte kaam bin ik achter de kompjûter sitten gean.
Wyls haw ik fjouwer dichtbondels, seis romans en fiif toanielstikken skreaun. Ien fan de seis romans is yn it Nederlânsk oerset. Foar de histoaryske famyljeroman Oerfeart krige ik yn 2011 de Piter Jellespriis  dy't  de gemeente Ljouwert ien kear yn de fjouwer jier foar literêr wurk útrikt.
Ik publisearje ek geregeld yn Fryske literêre tiidskriften en jou bydragen oan publikaasjes op literêr mêd. It ferhaal Fioele yn de bondel Feestlift is bekroane.
Foar it Friesch Dagblad skriuw ik ien kear yn de fjouwer wike in koart ferhaal.

 

Linkedinlink mei Aggie

 

Emailadres: aggievandermeer@xs4all.nl