De achttjin

It yndividu in it kollektyf: Praagse Lente oarsom.

Gearfetting

Abe de Vries oer it nijste boek fan Aggie:

"De Achttjin fan Aggie van der Meer is ien fan de nijsgjirrichste romans dy't ik yn it Frysk lêzen ha. Dat leit oan it sintrale gegeven: de ferantwurdlikheid fen it yndividu foar it kollektyf, mar ek foar syn eigen idealen oer. Mar it leit likegoed oan de literêre wize sa't Van der Meer it ferhaal stâljûn hat. De skriuwstyl is sa helder as glês, en likgeod bliuwt der romte by de l6ezer foar ferbylding."

Graffiti fan it paradys op kommendewei

Utsprutsen troch Abe de Vries by de presintaasje fan De achttjin op 15 april 2016 yn Tresoar

Bêste Aggie, achte oanwêzigen, dames en hearen,

Aggie van der Meer is fan 1927 en debutearret yn 1964 mei in ferhaal foar bern, 'It kemiel fan Omke Romke'. Yn dat jier debutearret ek Trinus Riemersma mei de romanFabryk. Seit Hessel Miedema dat de Fryske literatuer in plattelânsliteratuer is dy't wol altyd achterbliuwe sil by literatuer út de stêd. En ek yn 1964 wurdt Martin Luther King útroppen ta 'Man of the Year' troch it wykblêdTimeen begjinne de Noard-Vietnamezen de VietCong yn Súd-Vietnam te helpen en plent presidint Lyndon B. Johnson gruttere Amerikaanske operaasjes yn dat lân. Kees van Kooten en Wim de Bie komme foar 't earst op tillevyzje. En yn Ljouwert wurdt Cambuur oprjochte.

Aggie van der Meer, doe 37 jier, út in goed roomsk, Boalserter nêst, hâldt foarearst op fan skriuwen, sil har dwaande hâlde mei sosjale en ekologyske fraachstikken yn it algemien, en hat har yn letter jierren tige oppenearre yn de fredesbeweging, ûnder mear yn it IKV, om krekt om de ieuwwiksel hinne de pinne wer op te krijen as skriuwster fan fiksje, sawol poëzij as ferhalen en romans. Wilens hat har roomske profyl him feralgemienisearre ta in spirituele hâlding foar it bestean oer, wêryn't de bibel meispilet mar ek de mystyk en it humanisme en bygelyks it gedachteguod fan Dag Hammarskjöld, de eardere siktaris-generaal fan de Feriene Naasjes. Fjouwer skaaimerken fan har wurk rinne yn it each:  

Op it foarste plak is derde net te begripen omfang. Har oeuvre omfettet, de nijste publikaasje meirekkene, net inkeld seis dichtbondels mar ek acht romans en ferhalebondels en fiif toanielstikken. Dat is, as ik my net fersin, in gruttere produksje as wat foar Fryske skriuwer dan ek nei 2000 hân hat.

Twads is it net inkeld dy grutte skeppingsdriuw dy't opfalt, it is dêrby benammende konstant hege literêre kwaliteitfan de skeppingen dy't ús ferbjusteret. Aggie van der Meer giet net troch de knibbels foar de lêzer, nee, se skat de lêzer op wearde; har lêzer mei alle sintugen opskerpje en rint gjin risiko op ôfstomping en moat him algeduerich opskerpje om net tefolle oer de holle te sjen.

Op it tredde plak binne it benammenetyske fragen dy't sintraal stean. Hoe gean minsken mei-inoar om, en moat dat no sa? Wat is it plak fan de minske mids alles wat libbet, plant en dier en planeet? Hoefolle romte is der tusken praktyk en ideaal, tusken ierde en paradys?

En as fjirde, en yn myn eagen belangrykste aspekt fan Aggie van der Meer har skriuwerskip, is der dat wat har teksten net te missen makket ta hár teksten, en dat is njonken de etyske ynstek benammende persoanlike styl, de eigen hân fan skriuwen.

Sa't it by Homeros de stokâlde Nestor is, dy't de Grykse helden oanfjurret om har net útgnize te litten de striid oan te gean mei Hektor de Trojaan ('Mar myn dryste hert dreau my ta de striid, in weachstik, want ik wie de jongste fan allegear'), sa is it de 88-jierrige Aggie van der Meer, de âldste fan allegear, dy't de Fryske skriuwers anno 2016 troch har, fansels folle pasifistysker, foarbyld ynspirearje kin om te sykjen nei in eigen lûd, in eigenwizichheid, in dwerse posysje, in persoanlike ynstek, sawol yn tinken as wat skriuwstyl oanbelanget.

Har styl is faak 'poëtysk' neamd en dêrmei is neat tefolle sein, mar wat dêr no krekt mei bedoeld wurdt, stiet der dan meastentiids net by. Rike byldspraak, in protte metafoaren en persoanifikaasjes meitsje har fersen sawol riedselich as boeiend, sei Jelle van der Meulen oer de dichtbondelDe sneinenút 2012; ergo, je moatte der as lêzer muoite foar dwaan om de skriuwster te folgjen, de ymplikaasje is dan: méar muoite as om oare skriuwers te folgjen. It is twiveleftich oft dat yn de Fryske literatuer mei syn tradisjoneel 'brede' profyl troch elkenien as in komplimint opfette wurde sil. Mar safolle is wol dúdlik, dat de lêzer dy't fanliteratuerhâldt mear as fanlektuer, by Aggie van der Meer goed teplak is.

Dat poëtyske fan de skriuwstyl bestiet, as ik myn net fersin, út in konstant besykjen de deistige werklikheid op te tillen nei in geastlike werklikheid: de praktyk oan te foljen mei it ideaal, of te sjen as in útdrukking fan idealen dy't al of net, of yn mear of mindere mjitte, realisearre wurde kinne of sille. Dat tiidwurd 'sille' is in tige prominint tiidwurd yn Aggie van der Meer har wurk. It is de line nei de takomst, it tsjut oan wat noch komme sil: it is de graffiti fan it paradys op kommendewei, de tekens fan it bettere libben dat der, hooplik, oan komt.

Har jongste boek, dat hjir presintearre wurdt, hjit De achttjinen ik mocht der in pear kear mei de skriuwster oer prate yn in achterkeamer yn Boalsert, mei útsjoch op in wintertún en in fûgelhúske dêr't krekt in lytse kamera yn montearre wie. De Kommunistyske Partij fan Tsjechoslowakije hie yn 1969 hiel wat fan sokke lytse kamera's montearre, yn alle sektoaren fan de maatskippij dêr't de partij oer regearde. It Tsjechyske fûgelfolkje moast ommers al yn de gaten hâlden wurde.

De achttjingiet oer praktyk en ideaal, en oer it persoanlike en it politike. Yndividu en kollektyf. Leafde en trou. Hanneljen út it gewisse wei en hanneljen út opportunisme wei. En oer hoe't in bûtensteander, jierren letter, skriuwt oer ien fan dy achttjin, op basis fan dy syn oantinkens. Is it de wierheid dy't dan op papier komt? Is it yn alle gefallen in persoanlike wierheid? De achttjin, dat stiet foar it tal minsken dat diel útmakket fan de Tsjechoslowaakse politike top. Sis mar it Sintraal Komitee. Ien fan harren krijt lykwols twivels as Jan Palach himsels út protest ferbaarnt. Wat sil de partij dêr fan meitsje? En hoe stiet syn âlde flamme dêr foaroer, dy't ek ta de achttjin heart? Sil dy yn 'e gaten hawwe dat er him fan de partij begjint ôf te kearen? Sil se him ferriede?

Mei har eigensinnich en persoanlik engaazjemint is Aggie van der Meer har wurk in brêge fan de flower power en de peace and love fan de sechstiger jierren nei in spiritueel humanisme yn it hjoed, dat yn syn krityk op materialisme wer doart gebrûk te meitsjen fan de sêfte krêft fan utopyen. En gelokkich lizze achter de reële werklikheid by har ek gauris humor en relativearring op de loer, sa't bygelyks har nije proazarige oer Ho Wu & Misty Mac opFers2sjen lit. Wer hiel oars asDe achttjin, mar likegoed:Vintage Aggie. Ik winskje de skriuwster dan ek lok mei dizze nije lytse roman - en mei in skriuwerskip om jaloersk op te wêzen.

Abe de Vries

ISBN Sides
9789492176240 144
Útjouwer Jier
Afuk 2016