Aggie van der Meer (1927-2023)
Op 12 augustus 2023 is Aggie van der Meer op hast 96-jierrige leeftiid ferstoarn. Se wie oant op it lêst in net wurch te krijen kreative striidster foar frede, miljeu en rjochtfeardigens. Har besiele geast kaam ta utering yn har boeken en har polityk-maatskiplike aksjes en hat in protte minsken ynspirearre.
Kreativiteit wie de reade tried yn har libben. Dat docht bliken út de grutte rige oan gedichten, romans, toanielstikken, lietteksten, tekeningen, wandlapen, túnûntwerpen, aksjes tsjin kearnwapens en foar it miljeu en rjochtfeardichheid. It begûn al jong by de ferkennerij en op 21-jierrige leeftiid dûnse se as nar foar de keninginne foar it stedhûs fan Boalsert. Njonken de soarch foar har seis bern helle se har foech om tekenles te jaan en joech se les op ferskate middelbere skoallen. Yn 1964 debutearre se as skriuwer mei it berneboek ‘It kemiel fan omke Romke’.
Ein jierren sechtich, begjin jierren santich makke se furoare mei de doe populêre wandkleden. Se organisearre doe ek de earste demonstraasje yn Boalsert ea: tsjin de oarloch en hongersneed yn Biafra. Dat wie oars folslein tsjin de winsk fan de doetiidske boargemaster. Opkomme foar slachtoffers en stikeljen fan it gesach siet der doe al yn by Aggie. In oare aksje gie oer de miljeutún
dy't Aggie begjin jierren santich oanlein krige op in braak lizzend terrein efter de Werkmansbloei yn Boalsert en dy't de nasjonale telefyzje helle. Dy wylde tún mei kronkeljende paadsjes levere yn ’e stêd in soad kontroverze op en waard troch it gemeentebestjoer in tal jierren letter dochs wer ferfongen troch in keal gersfjild.
Yn dy jierren folge se in oplieding ta túnarsjitekte en sette se tegearre mei har man Herman in túnkerij op. Aggie begûn ek mei tekenjen en skilderjen. Letter wie se net wurch te krijen om mei it IKV de kearnwapens de wrâld út te krijen, om te begjinnen út Nederlân. Yn de tachtiger jierren gie dat hieltyd mear oer yn aksje foar miljeubehâld yn Fryslân ûnder de doe noch polityk ûnskuldige namme ‘Leefber Fryslân’.
Yn de njoggentiger jierren gie it tekenjen en skilderjen stadich oer yn de ambysje om (wer) te skriuwen. Dêrby keas Aggie ferrassend foar it Frysk wylst se fan hûs út en yn har húshâlding gjin Frysk praten. Mei in tal ekstra lessen Frysk kaam se in hiel ein, dat bliken die doe’t yn 2000 har earste Fryske dichtbondel ‘De stêd, it bist, de ingel’ útkaam en positive resinsjes ûntfong. Op basis fan dy dichtbondel makke se ek in toanielstik foar toanielselskip De Blaue Toer yn Boalsert.
Dêrnei folge in konstante stream fan romans, fersen en toanielstikken. En in soad opinystikken yn de Ljouwerter krante. Want it wie neffens Aggie ûnbegryplik wêrom’t minsken net seagen dat it roer drastysk om moast om sawol de ierde as de maatskiplike frede te rêden.
It ferlies fan har hechte partner Herman yn 2011 wie hiel swier foar har. Dochs fûn se de krêft en ynspiraasje om de tried wer op te pakken en ek ta nije publikaasjes te kommen. Sels doe't se fanwegen har lichaamlike sûnens net mear thús wenje koe, bleau de driuw om te skriuwen grut.
Doe’t se yn 2019 de Gysbert Japicx Priis wûn, wie se stikem dochs wol grutsk op harsels. En de erkenning foar har wurk die har goed.
Miskien wol troch te skriuwen en alert te reagearjen op wat der yn de wrâld barde, koe se oant hege leeftiid ta kritysk bliuwe en in soad út it libben helje. Wy sille dy net te stuitsjen enerzjy missen bliuwe.
It grutte oeuvre fan Aggie kenmerket him troch eigenheid en kwaliteit
Har wurk is kaleidoskopysk, alle kleuren komme foarby en fanút har ûnneidruklik, natuerlik-psychologysk skriuwerskip begripe we folle mear fan ússels en alle oaren om ús hinne.