De Sneinen, It lân achter it each fan de nulle

Bring de boel yn ûnstjoer!
De Sneinen, It lân achter it each fan de nulle

Twaënfyftich gedichten oer de sneinen fan it jier.
De kuiertocht, ier en betiid op stille sneintemoarnen, ropt op ta meditaasje en set de fantasy op skerp.
In iensume fisker, in frou mei in hûn en in bern dat de toerka's beswart, jouwe der kleur oan.
Lykas ek de ferrassende berjochten út it âlde boek dêr't se yn tsjerke mei op ferhaal besykje te kommen.           

Soms is 't it bern dat
- flechtiger as it wetter,
wiffer as de loft -
de boel yn ûnstjoer bringt
en wer beswart.

 

Resinsje dichtbondel "De Sneinen"

In kadâns as yngong nei mystyk.

Aggie van der Meer har poëzy is in oanhâldend freegjen nei en hoopjen op in wûnder.It wûnder fan it ljocht, it teken dat de dei wint fan de nacht. 'Daagjen' is net om 'e nocht in typysk 'Aggie-wurd'. Wat har gedichten úttilt boppe de belidenis, is it fermogen fan de dichter om langstme tsjin it ljocht te hâlden. It te besjen en te beneamen yn wurden, mar it ek yn in breder spiritueler tradysje te setten, yn in wrâld dy't in mystyk en mytologysk fokabulêre ferdraacht."

Abe de Vries  (Friesch Dagblad)

Oankeap

Beheinde beskikberens / Beperkt leverbaar

ISBN9789085660248
Siden131
ÚtjouwerFrysk en Frij
ÚtjouwerElikser
Jier2012