Aggie oer Aggie
Noch krekt foar it jier 2000 bin ik útein set mei skriuwen en dat net iens sûnder súkses...
Earder wie it nocht der wol, mar ûntbriek de tiid. Wy hienen in drokke húshâlding, in eigen bedriuw en dêroerhinne wie ik ek noch maatskiplik aktyf.
Fan de dei ôf dat der hjir en dêr wat romte kaam bin ik achter de kompjûter sitten gean.
Minsken binne faak sa gau bang om earne wat fan te sizzen. Mar úteinlik dogge we mear dingen ferkeard troch wat we litte as troch wat we dogge. Dan haw ik noch leaver dat ik eat wat sein wurde moat te gau sis, as dat ik net sis