Oratorium It Lân achter it Each fan'e Nulle
De Fryske komponist Hoite Pruiksma en Aggie van der Meer, skriuwer, dichter, hawwe de earste stappen set op wei nei de foarmjouwing fan in poëtysk muzykteatraal oratoarium mei de bedoeling dit uteinlik út te fieren.
Al levere de dichtbondel "De Sneinen" fan Aggie van der Meer it idee, de tekst foar it oratoarium is hielendal op 'e nij skreaun.
Oer de ynhâld fan it oratoarium
Hoewol't de tekst it ferrin fan it tsjerklik jier folgjet en der hiel wat bibelske ferwizings yn foarkomme, is it net sûnder mear in tsjerklik ferhaal. It oratoarium sil út fjouwer dielen bestean: Ferwachting, Sûndebok, Geast en It Lân achter it Each fan de Nulle.
In man en in frou komme foar de beslissing te stean om wol of net nei it lân achter it each fan de nulle te gean. Sawol de Sûndebok as de Geast spylje hjirby har rol.De besetting wêr't it wurk foar skreaun wurdt, bestiet út piano en/of harp, harmoanium, slachwurk, tsjerkoargel(s), twa solosjongers, twa akteurs en in grut koar.
ISBN | 0 |
---|---|
Siden | 0 |
Útjouwer | Aggie |
Jier | 2014 |