It lêste nijs
Nij: De Tsjûgen fan de Macht
'Ik wit wol dat ik âld bin, mar dêr stean ik net by stil', sei
Aggie van der Meer tsjin de lokale omrop neidat se de Gysbert
Japickspriis 2019 wûn foar har hiele oeuvre. It skriuwen giet
troch, nettsjinsteande in heal lamme skonk, of in each dat op swart
sprongen is. De Tsjûgen fan de Macht is in
boek dat sy perfoarst noch skriuwe woe.
Útrikking Gysbert Japicspriis 2019

Aggie wint Gysbert Japicxpriis 2019
De Gysbert Japicxpriis giet dit jier nei Aggie foar har hiele
oeuvre. De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste literêre
priis fan Fryslân, ornearre foar oarspronklik Frysk wurk. Hy is
neamd nei de 17e-iuwske Fryske dichter Gysbert Japicx. De winner
kriget 10.000 euro en in oarkonde. Aggie is de earste
Boalserter die de priis kriget en de earste frou sûnt
1986.
Uit it jury ferslach:
'Aggie van der Meer is gjin auteur fan tsjokke boeken. It
wûnderbaarlike sit 'm yn wat sy yn al har romans en ferhalen, mar
ek yn har gedichten, oan rykdom sjen lit. Wy sjogge der allinne mar
echte minsken yn. Fan Friezen, Tsjechen oant Sjinezen. Van der Meer
krûpt yn de holle fan Roomsken, Kalvinisten, Joaden, en wy fiele
mei harren allegearre mei. Hoe't dat kin? It is troch Aggie's
sosjale, algemien minsklike pinne. Har wurk is kaleidoskopysk, alle
kleuren komme foarby, en trochj har linich, natuerlik-psychologysk
skriuwerskip begripe wy folle mear fan ússels, en alle oare minsken
om ús hinne'.
Priisútrikking
De priisútrikking is op sneon 16 novimber om 15:00 oere yn de
Martinitsjerke yn Boalsert. Elkenien kin sich oanmelde by de
provinsje Fryslân om dêrmei oanwêzich te wêzen. Lêze hjir de
uitnoeging!
Presintaasje "Sykje" - july 2019
Hommage oan Aggie
Op 6 en 7 july 2019 wie de foarstelling "Sykje, Hommage oan
Aggie" te sjen yn 'e Broeretsjerke yn Boalsert. Inisjatyfnimmer
Hoite Pruiksma presintearret syn komposysjes ynspirearre troch
teksten fan Aggie. Sykje is in optreden mei teater, lieten,
gedichten en monologen.
Download
Flyer
Hoite Pruiksma oer de teksten fan Aggie van der
Meer:
"It is it lûd, it is it ritme, de
melody en de skientme fan' e Fryske taal. It is it kulturele,
religieuze en sosjale bewustwêzen dy't achter de wurden skûlet. It
is it twingende sykjen fan de skriuwster nei de wierheid dy't in
protte kanten en gesichten hat, wat my as in komponist oansprekt.
Fierder is Aggies her fisuele taal ryk yn assosjaasjes en faak fol
humor."
Kadoboek Fryske Boekewike
Op 9 septimber 2016 is ferskynd
Neiskrift, it kadoboek fan de Fryske
Boekewike. Briefwikseling tusken Aggie van der Meer en Marga
Claus. Beide hawwe yn 2011 harren beide partners ferlern. Se makken
doe de ôfspraak om elkoar in jier lang brieven te skriuwen. Oer it
gemis en hoe't sy besochten de tried wer op te krijen.
Sa hâlt Neiskrift 32 brieven in, oer rou en ferlies,
freonskip en leafde, gemis en ferwûndering... Oer moed ek, dy't
nedisch is om fan in folslein feroare libben dochs wer wat goeds te
meitsjen.
Lês mar op de webside van Swalk
Roman "De achttsjin"
April 2016
'De Achttjin'is troch it Nederlands Letterenfond
útkeazen om op 'e Frankfurter Buchmesse (oktober 2016) promoten te
wurden.

Praag 1969. Jan Palach hat himsels yn brân stutsen as protest
tsjin de Russyske besetting fan Tsjecho-Slowakije. It Politburo yn
Praach moat soargje dat de skea dy't sa tabrocht wurdt oan it
stalinisme, beheind bliuwt. Mar hoe bliuwt it Politburo in ienheid?
In roman oer krityk, keuzes meitsje en de gefolgen dy't dat hawwe
kin. Net allinnich foar jo sels.
De Leeuwarder Courant (3-6-2016) oer "De
Achttsjin":
De opset fan de roman, wêrby't it Joadske ferline fan Hacha
grutte oandacht kriget, is út literêr eachpunt perfekt. De
skriuwster hat in foarm fûn wêrby't skriuwer en haadpersoan op
yngeande wize de uterst komplisearre situaasje besprekke en
nuansearje kinne. Dy opset hie in handichheidsje wurde kinnen, mar
soks is net it gefal.
It Frsyk Dagblad:
Van der Meer hat in bysûnder knap boek skreaun. Benammen de
twastriid fan Ferenc Hacha makket yndruk.
Lês hjir de komplete resinsje fan Jelle van der
Meulen: "De achttjin van Aggie
van der Meer verdient het om vertaald te worden in het Nederlands,
in het Duits, Tsjechisch, Spaans, Russisch, Engels, want het is een
boek van wereldformaat."
lês mear
Fries-Nederlandse dichtbundel "Tei-iizje / Lok-azen"
september 2014
Koartlyn is utkommen de nije Frysk-Nederlânske
dichtbundel "Tei-iizje/ Lok-azen" van Aggie van der Meer.
De bundel is te krijen in de boekhannel en Het Centraal
Boekhuis. De utjower is De Contrabas.
Resinsje
Eppie Dam, Leeuwarder Courant fan "Tei-iizje / Lok-azen
It lân achter it each fan de nulle
augustus 2013
Poëtysk muzykteatraal Oratoarium fan Hoite Pruiksma en Aggie
van der Meer
De Fryske komponist Hoite Pruiksma en Aggie van der Meer,
skriuwer, dichter, bin sûnt 2013 dwaande mei in teatraal oratoarium
mei de bedoeling dit in 2015 út te fieren. Al levere de dichtbondel
"De Sneinen" fan Aggie van der Meer it idee, de tekst foar it
oratoarium is hielendal op 'e nij skreaun. De keunstners wurkje
under de paraplu fan de stichting Fryske Harlekijn.
Webside
Hoite Pruiksma / stichting Fryske Harlekijn

Nij Toanielstik: Wa rêdt Cesilia Tan
jannewaris 2013
Stichting De Blaue Toer hat Aggie van der Meer opdracht
jûn in toanielstik te skriuwen, útgeande fan de yn april 2012
útkommen novelle : Wa rêdt Cesilia Tan. Sjoch foar
fierdere ynformaasje op de side fan De Blaue
Toer.
Nije dichtbondel "De Sneinen" utkommen.
2 desimer 2012

In Boalsert is de bondel "De Sneinen/ It lân achter it each fan
de nulle" presinteard.
Twaënfyftich gedichten oer de sneinen fan it jier. De kuiertocht
ier en betiid op stille sneintemoarnen, ropt op ta meditaasje en
set de fantasy op skerp. In iensume fisker, in frou mei in hûn en
in bern dat de toerka's beswart, jouwe der kleur oan. Lykas ek de
ferrassende berjochten út it âlde boek dêr't se yn tsjerke mei op
ferhaal besykje te kommen.
Oerfeart = Overvaart
Augustus 2012
De Nederlânske oersetting fan 'Oerfeart' mei as titel "Overvaart' is
útkommen.
Twa foar de priis fan ien
April 2012
As ien boek bin de novellen 'In moaie dei yn 'e hjerst'
en 'Wa rêdt
Cesilia Tan' útkommen.
Aggie wint Piter Jellespriis
7 juni 2011
Skriuwster Aggie van der Meer út Boalsert hat yn 2011 de Piter
Jellespriis fan de gemeente Ljouwert krigen foar har histoariese
roman 'De Oerfeart'.
Yn de roman sketst Aggie van der Meer oan de hân fan har eigen
famyljeskiednis de rol dy't emigranten troch de jierren hinne yn
Fryslân spile ha. De Piter Jellespriis bestimd foar literêr wurk
dêr't in relaasje mei Fryslân yn ta útdrukking komt, wurdt ien kear
yn 'e fjouwer jier útrikke.