No valid Igloo license registered.
No valid Igloo license registered.
Laudatio Gysbert Japicxpriis - Aggie
Ferslach advyskommisje

Laudatio Gysbert Japicxpriis 2019

De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste priis foar Fryske literatuer. De priis wurdt sûnt 1947 om de twa jier útrikt troch Deputearre Steaten fan Fryslân, ôfwikseljend foar proaza en poëzy. In ûnôfhinklike advyskommisje, dit jier besteande út Atte Jongstra, Houkje Rijpstra en Grytsje Schaaf, hat Deputearre Steaten advisearre.

It is de earste kear dat in priiswinner komt út Boalsert (it berteplak fan Gysbert Japicx) en de earste frou sûnt 1986.