Aggie wint Gysbert Japicxpriis 2019
De Gysbert Japicxpriis giet dit jier nei Aggie foar har hiele oeuvre. De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste literêre priis fan Fryslân, ornearre foar oarspronklik Frysk wurk. Hy is neamd nei de 17e-iuwske Fryske dichter Gysbert Japicx. De winner kriget 10.000 euro en in oarkonde. Aggie is de earste Boalserter die de priis kriget en de earste frou sûnt 1986.
Uit it jury ferslach:
'Aggie van der Meer is gjin auteur fan tsjokke boeken. It wûnderbaarlike sit 'm yn wat sy yn al har romans en ferhalen, mar ek yn har gedichten, oan rykdom sjen lit. Wy sjogge der allinne mar echte minsken yn. Fan Friezen, Tsjechen oant Sjinezen. Van der Meer krûpt yn de holle fan Roomsken, Kalvinisten, Joaden, en wy fiele mei harren allegearre mei. Hoe't dat kin? It is troch Aggie's sosjale, algemien minsklike pinne. Har wurk is kaleidoskopysk, alle kleuren komme foarby, en trochj har linich, natuerlik-psychologysk skriuwerskip begripe wy folle mear fan ússels, en alle oare minsken om ús hinne'.
Priisútrikking
De priisútrikking is op sneon 16 novimber 2019 om 15:00 oere yn de Martinitsjerke yn Boalsert.
Útrikking Gysbert Japicspriis 2019
Op sneon 16 novimber 2019 hat Aggie van der Meer de Gysbert Japicspriis 2019 útrikke krigen yn de Martinitsjerke yn Boalsert. Sjoch de fideo.