Nije poëzy
Utkommen: De Sneinen: It lân achter it each fan de nulle
In Boalsert is de bondel "De Sneinen/ It lân achter it each fan de nulle" presinteard.
Twaënfyftich gedichten oer de sneinen fan it jier. De kuiertocht ier en betiid op stille sneintemoarnen, ropt op ta meditaasje en set de fantasy op skerp. In iensume fisker, in frou mei in hûn en in bern dat de toerka's beswart, jouwe der kleur oan. Lykas ek de ferrassende berjochten út it âlde boek dêr't se yn tsjerke mei op ferhaal besykje te kommen.
Útrikking Gysbert Japicspriis 2019
Op sneon 16 novimber 2019 hat Aggie van der Meer de Gysbert Japicspriis 2019 útrikke krigen yn de Martinitsjerke yn Boalsert. Sjoch de fideo.