"Neiskrift"
Op 9 septimber 2016 is ferskynd Neiskrift, it kadoboek fan de Fryske Boekewike. Briefwikseling tusken Aggie van der Meer en Marga Claus. Beide hawwe yn 2011 harren beide partners ferlern. Se makken doe de ôfspraak om elkoar in jier lang brieven te skriuwen. Oer it gemis en hoe't sy besochten de tried wer op te krijen.

Sa hâlt Neiskrift 32 brieven in, oer rou en ferlies, freonskip en leafde, gemis en ferwûndering... Oer moed ek, dy't nedisch is om fan in folslein feroare libben dochs wer wat goeds te meitsjen.
Útrikking Gysbert Japicspriis 2019
Op sneon 16 novimber 2019 hat Aggie van der Meer de Gysbert Japicspriis 2019 útrikke krigen yn de Martinitsjerke yn Boalsert. Sjoch de fideo.