Nij boek

De Tsjûgen fan de Macht

'Ik wit wol dat ik âld bin, mar dêr stean ik net by stil', sei Aggie van der Meer tsjin de lokale omrop neidat se de Gysbert Japickspriis 2019 wûn foar har hiele oeuvre. It skriuwen giet troch, nettsjinsteande in heal lamme skonk, of in each dat op swart sprongen is. De Tsjûgen fan de Macht is in boek dat sy perfoarst noch skriuwe woe.

De Tsjûgen fan de Macht

Útrikking Gysbert Japicspriis 2019

16 novimber 2019

Op sneon 16 novimber 2019 hat Aggie van der Meer de Gysbert Japicspriis 2019 útrikke krigen yn de Martinitsjerke yn Boalsert. Sjoch de fideo.