Literêr priis gemeente Ljouwert

Aggie wint Piter Jellespriis

Skriuwster Aggie van der Meer út Boalsert hat yn 2011 de Piter Jellespriis fan de gemeente Ljouwert krigen foar har histoariese roman 'De Oerfeart'.

 

Aggie wint Piter Jellespriis

Yn de roman sketst Aggie van der Meer oan de hân fan har eigen famyljeskiednis de rol dy't emigranten troch de jierren hinne yn Fryslân spile ha. De Piter Jellespriis bestimd foar literêr wurk dêr't in relaasje mei Fryslân yn ta útdrukking komt, wurdt ien kear yn 'e fjouwer jier útrikke.

Útrikking Gysbert Japicspriis 2019

16 novimber 2019

Op sneon 16 novimber 2019 hat Aggie van der Meer de Gysbert Japicspriis 2019 útrikke krigen yn de Martinitsjerke yn Boalsert. Sjoch de fideo.